06-14884382 of 06-11643375 info@vrijaanhetwater.nl

Grou (Leeuwarden) – Museum Hert fan Fryslân

It museum “Hert fan Fryslân” leit midden yn it karakteristike Fryske doarp Grou , dat sels ek yn it hert fan Fryslân leit. Jo treffe dêr eksposysjes oan oer ferskate nijsgjirrige typysk Fryske of Grouster tema’s, lykas: Wetter, de Halbertsma’s, Sint Piter ensafuorthinne. Op fersyk kinne jo ek in rûnlieding krije yn it museum en as jo dat wolle ek in doarpskuier troch Grou of in kombinaasje fan beide. Spesjaal foar bern is der it projekt “Lytse Eeltsje”, oer de âld Grouster dichter/skriuwer Eeltsje Halbertsma, mei ek de mooglikheid foar in lytse doarspkuier.

It museum is festige yn it sûterrain fan it âlde riedhûs fan de eardere gemeente Idaerderadiel. Dit gebou is nei in yngripende restauraasje foar in grut part notariskantoar wurden. De âlde riedseal hat lykwols har funksje fan trouseal behâlden. Nêst de al neamde eksposysjes oer Wetter, de Halbertsma’s en Sint Piter wurdt ek oandacht bestege oan Kropholler (de ferneamde architekt fan it âlde riedhûs) en Pronkjen, werûnder de kolleksje porslein, goud, sulver en tekstyl uit de skinking fan frou Atje Gaastra.

Meer informatie: www.museumhertfanfryslan.nl


Vrij aan het water

Heeft u vragen of wilt u direct boeken? Neem dan contact met ons op via 06-14884382 / 06-11643375 of stuur ons een email: info@vrijaanhetwater.nl.